It ark fertelt fan syn berop,
’t gesicht sprekt tusken fjouwer latten,
hy sloech der feardich boppe-op,
mei him foel net te spotten.
De skuon fertelle fan de tiid
dy’t deeglik wie en meastal sletten,
dus spile hy it âlde liet,
troch ’t jongfolk lang fergetten.
De reek kaam ek út in gewear,
dus syn sigaar koe hy net sûnder,
marsjearje wie foar him in ear,
it unifoarm bysûnder.
Hy fuorre dowen by de fleet,
wie sljocht op dizze fredesfûgel,
mar hold it wapen stevich beet,
de fijân kriich de kûgel.
De dea marsjearre troch de doar
en hat him ta it achtjaan roppen,
hy eksersjearre yn syn spoar,
de mars wie net te stopjen. |