Foar alles is in oere,
foar alles is in tiid
fan frede nei de striid,
oer bliuwe kleare spoaren.
Hy kaam net faak nei foaren,
mar libbe wol yntins,
dêrfoar wie hy ek mins,
sa hat er frede fuorre.
It rinnen tsjin in muorre,
in lânskip grien en wiid,
foar alles is in tiid,
earst skruten, dan wer doarre.
Nei fierten hat er stoarre,
nei kym en inerlik,
faak driuwend op ien wjuk,
dochs fûgel fan de greiden.
Se fleagen mei har beiden,
de iene foar de oar,
dêr binne minsken foar,
de tiid foar har tegearre.
In tiid om ek te stjerren
nei libbenslang de tiid
foar frede mei in liet,
in spyltúch, heech wurdearre.
|