Lit ús rom de dagen nimme,
want it is safier noch net
om yn it koartskoar mei te stimmen
foar’t de krystman dêrmei rêdt.
Lit de kranen earst mar hysje,
want de beam moat al teplak,
it kin foar kryst wol sûnder plysje…
moat in krystman yn de bak?
Lit de wetterpoarte skine…
al is dy mar surrogaat,
it folk sil hy oan ’t krystspul bine,
symbolyk leit yn syn aard.
Sjoch, de shop is lang al iepen…
wa slút no in krystman út!
Wannear’t de poarte stiet te sliepen,
draaft hy dronken mei de bút.
Troch de tiden riist er boppe
withoefolle hollen út,
noch altyd kin er ’t folk beroppe,
om’t it Bern gjin stâldoar slút.
|