It barde op ‘e promenade,
dêr’t de fuotstap fan toeristen klinkt
op hout dat al fersliten is…
wa fan de boatsjeminsken tinkt
oan platte huodden yn de naden?
It lattewurk koe har net keare,
mei de stâle gie it skean omheech,
sadat de hoed derboppe kaam…
sjapo foar ’t wrotten steech en dreech,
it kin it deiljocht skoan ferneare.
Sy steane tusken wei en kade,
ha de romte yn it griene perk
en sjitte yn ien nacht omheech;
de hoed en stâle lykje sterk,
ha har net wrotten út ‘e naden.
Wa soe op ’t kuierpaad betinke
dat de hege hoed net bliuwend is,
wurdt yn ien dei al inketswart;
foar dizze parasyt is ’t wis:
nei ’t wite blinken komt fersinke.
|