It hie om him net hoegd,
it gers der hjoed al ôf,
hy nimt, yn alle soarten,
elke horde, neffens bou
op mar twa hege poaten.
Hy docht it yn swart-wyt
en yn syn fêste styl,
earst efkes steatlik rinne,
as it moat in heale myl,
en dan op slach derhinne.
Mar hy hat faakris bûgd
foardat it safier wie,
syn romp bestiet út moaten
mei dêrboppe tizetrie,
dêrûnder tweintich poaten.
Hy docht it yn swart-read,
giet stadich derop ta,
yn plak fan rinne krûpe,
’t moat fan him no ienkear sa,
want dêrfoar binne ’t rûpen.
It bart op lytse skaal
mei read as it sinjaal
foar elke earrebarre,
dy’t op slach giet oan de haal,
gjin rûp wurdt dan noch sparre. |