Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hobbels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lit hobbels wêze wat se wolle,
om’t der fariaasje is,
beslacht de ien it mei de gek,
de oare fynt gjin oere wis,
in tredde hat in lichte holle.

Image

Mei leeljes bloeiend yn it wetter
wurdt de fariaasje wis
wat grutter troch ’t konsumpsjeblik,
in hobbel fan wat is der mis
mei, want recycling folget letter.

Image

Lit hobbels mar natuerlik lizze
as twa bulten fan sêft sân,
besjoch dy mei wat symbolyk,
as bergen yn it Fryske lân
of boarsten om it frousk te sizzen.

Image

Wol men de ierdske hobbels mije,
meitsje dan de holle licht
en hobbelje oer elke wolk
mei rûnom oant de kym it sicht
op fariaasje en it frije.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum