Hy hie de smoar yn, want hy wie te let,
mar like hillich as de oaren.
Hie syn kattelyk net neffens wet
it mummyrjocht fan achteren nei foaren?
Sy foeren as in mienskip oer de Nyl,
heechhertich om’t sy hillich wiene,
seagen hiel it lân as kattefyl
en mienden dat sy rjocht op achting hiene.
Sy wiene like slank as ’t mienskipsskip,
alhiel yn hilligens fersonken,
seagen krokodillen oan foar klip,
it skeelde neat, oars wiene sy ferdronken.
Dêr bûgde al it keninklike pear.
Liet farao har sa net witte
dat it kattelibben hie wat mear
as inkeld yn itselde skipke sitte?
Sy krigen fan it meunster har gelyk,
dy liet har yn it skipke lizze,
net as mummy mar as kattelyk;
noch ien koe ’t oaren sizze, dat wie dizze.
|