Ik gie nei ’t Skiepmerkplein,
dêr’t oan de namme noch
te hearren earder skiep
har sechje seine,
mar no stie ik dêr och
sa lûd te blêtsjen
om blêd en stim te jaan,
it earste oan de fêsten
fan sneons de winkels lâns,
de twadde oan de FNP
mei ’t doel in slach te slaan,
it leafst in bêste,
op ’t demokratysk stee
fan politike keaplju,
dat sûnder út te rêsten
fan ’t jaan en dwaan
besocht ik stimmen by
elkoar te harkjen
oant dy iene frou kaam
sa tusken ’t folk oan rinnen,
se seach my oan en naam
de rêst om stil te stean
by wat der foel te winnen
op ierde dy’t sa slim
ferliezer waard troch waan
fan wurden sûnder wearde
en ik… ik harke nei har stim.
|