mei 8, 2017
De hoanne kraaide fan ’e moarn al ier
as boade fan it skeppingsljocht
yn funksje fan de tsjerke,
de kym wie noch te skier
om ’t wûnder op te merken.
Mar doe’t de strielen skeaten nei it goud,
kaam ek in fûgel derop ta,
swart as de nacht syn flerken…
wie ’t ljocht him tafertroud
op hichte fan de tsjerke?
De hoanne, boade fan it skeppingsljocht,
wist fan it rike kleurpalet
en woe de ka net keare,
in gouden greep, mei nocht
ha sy de moarntiid eare.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024