Lit ús der net om hottefylje,
oars net as op ’t poadium,
lit ús ien nimme, wodka of oars rum,
dan sille wy it spul wol spylje.
De âlde stammen binne fallen,
fol mei groeden yn de lea,
lit ús twa nimme, ’t wie in mylde dea
en gjin gesicht fan foet oant holle.
It reade krús wie al de koade
foar sedaasje, ’t koe net mear,
dêrom net trije foar de lêste ear,
de motorseage song in oade.
Wa’t spilet, tinkt net oan in flater,
sjocht mei niget nei it dak,
de nije generaasje stiet teplak,
dus lang sil libje ’t stedsteater.
|