De fruchten binne brún
fan ripens, rjocht fan liif
en wize nei de loft
dy’t ljochte wegen lûkt
nei streken fan fertún.
Wat is fertún as hjir
noch riist de gouden skiif
yn ’t djippe blau en dûkt
wer ûnder yn it read,
dus sit der noch in kloft
te wachtsjen op it dêr.
Dan klinkt it gûnzjend lûd
fan wite wjukken fier
oer ’t wide fjild en wiist
de swellen net foar neat
de wei fan winterskoft
nei altyd simmerstjer
yn ’t gea fan waarm en goed.