Mei har fiven op ‘e leuning,
guon noch yn de slomme nei de nacht,
ien stiet mei hege kop op wacht
foar koarsten út ‘e hichte.
Mei har winterske gesichten
litte sy ’t seizoenferrin noch sjen,
mar ha de see en ’t strân ferlern,
har maten binne minsken.
Allinnich sit er op ‘e tûke,
slomjend noch foar ’t rizen fan de dei,
de sinnestrielen nimt er mei
yn ’t flitsen fan de fearren.
Foar koarsten lit er him net hearre,
want hy skaait folslein nei de natoer
mei fisken as syn deistich foer,
filmflitsen foar de minsken.
|