Gjin fracht yn ’t rom,
net mei in laden skûtsje sile,
want it lichtste skipke kriget rom,
dat kin men hifkjend fiele.
It lichtste stiel,
dêr moat men mei in skûtsje hinne,
mei in apparaat en wat gepiel
kin’t skipke maklik winne.
Dêr sylt de Pan,
troch ’t wetter sjit er mei de poarte
yn de hichte, lichter troch in man
of fiif, sa wurdt der koarte.
Dêr leit er stil
mei ballêst fan it koar Edoza,
want noch swierder weacht de hege wil:
‘Sjong priizjend it Hosanna!’
|