|   In dizich byld, it koe net skerper,want hy hie my yn de gaten
 sa’t ik op ‘e hichte stie,
 benijd nei watfoar doel er hie,
 koartsein ik woe wol efkes prate:
 ‘Wat hasto mei in wite rôledêr’t gjin mûzen mear yn sitte
 of brûksto dy foar it sicht
 om te foldwaan oan eigen plicht,
 koartsein lit my it efkes witte.’
 Syn antwurd kaam yn byld, wol dûbel,want ik kriich ien yn de gaten
 dy’t in eintsje fierder stie:
 ‘Wy binne beide út ‘e rie,
 koartsein in foto foar de baten.’
 |