Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Flokkende kâld

Lyrysk Deiboek

Juster liet de moanne witte
dat in skjinne loft bringt froast
by wyn dy’t nei it easten draait,
fan Ruslân ôf iiskâlde lucht,
wat oer de tastân dêr wat seit.

Alle beammen wyt berime
konstatearre ik dy moarns,
in opdruk yn it moanneljocht;
fan kâlde wyn doe noch gjin sucht…
de moanne hie ’t miskien betocht.

Tsjin de jûn begûn ’t te waaien,
iiskâld út it westen wei
mei hurde kneppels, klap op klap,
in blauwe hûd wie Ruslân sljucht,
fan rym nei wynkrêft gie te rap.

Sa’t de moanne ljocht en tsjuster
ken, sa is it mei de kjeld,
earst giet dy hinne, komt dan wer,
de earnst feroaret yn in klucht,
wat hjir moarns rimet, flokt jûns dêr.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum