De driging komt fan fierren,
tichterby slûpt oan terreur…
wa kin de oanslach keare?
’t Bestean ferliest syn foarm en kleur,
want is ’t net dêr, dan bart it hjirre.
It kin wol efkes lije
mei de kop der bopp-út…
wa kin har wachens keare?
Se draait de kop fan noard nei súd
om elk gefaar yn ’t each te krijen.
It kin op dit plak barre,
dus foar har komt no de tiid
om út it lân te flechtsjen;
se fiert mei ’t kroas har eigen striid
en sil nei fiere kimen farre.
|