mei 16, 2022
In hynder hâldt fan dynamyk
en lit dat sjen mei ’t fjouwerjen,
de fjouwer poaten fan de grûn,
gjin wêzen is oan him gelyk.
Syn namme kriich de hynsteblom,
mar net op grûn fan kleur of kop,
frjemd is him ek it fjouwerjen,
dus komt de namme oer as krom.
Mar sjoch, dêr stiet in greide fol
mei hynsteblommen nei de bloei
dy’t roppe on in suchtsje wyn
om te feroarjen bol nei bol.
Ynienen is der dynamyk
fan poatsjes, dûnsjend op ’e wyn,
dy’t harren nei de fierte fiert,
it is oan ’t fjouwerjen gelyk.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024