Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Firus

Lyrysk Deiboek

Hy is kroandea, koe it net rêde,
dat syn lêste wurden wiene:
‘Dat it al safier is…’
Doe klonk razend roumuzyk
mei ’t liet: ‘Him waard fataal it firus.’

Hy libbe troch de jierren hinne
mei elk jier der wer in groeiring
by, wat nei it aard is
fan ’t bestean yn Darwins ryk,
mar net as ’t firus al ferspraat is.

Hy hie it firus al as teken
yn de stam, dat tagelyk op
groeien wiisde, nuver
want se binne net gelyk,
wat fragen opropt, soms ek huver.

Is oan it groeien ynherint it
firus? Lit ús dan net wachtsje
oant it al safier is.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum