Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferskil yn djipgong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

No’t loft en feart de kleur wer krije
fan it daagjen yn de wintermoarn,
in spul fan iis as spegel,
nimme swarten al de hâlding oan
fan lit ús oer de nacht mar swije.

Wol sprake is fan hoe’t sy swommen
yn de rûnte foar in iepen plak,
want djipgong is de regel
om oerdei te kommen oan de bak,
al skreppend is gjinien ferklomme.

Gjin sprake fan dat yn it tsjuster
witen skrepten foar har deistich miel,
in knypeach by de dage
is it teken fan de djippe siel…
de susters dreamden yn in cluster.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum