Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferrize yn de hjerst

Lyrysk Deiboek

It hat wer west, de ljochte simmer
joech de tiid oer oan de hjerst
mei tûken dy’t it hingje litte,
swier fan ’t ôfskie, want de rest
fan ’t jier beslacht it folle slimmer.

Dan slacht de stoarm de lêste blêden
fan de beam… en folget rêst.

No hinget noch in lichte dize
yn de fierte oer it fjild,
wylst streken by it swurk lânssjitte,
licht fan ’t wolkom, want sa tilt
it op fan… lit it folk ferrize.

Dan slacht de swierte ta, want rêde
kin men ’t net, it fjild hâldt fêst.

Wa kin in folk mei wjukken skeppe,
fleanend by de streken lâns?
It is gjin saak fan mjitte litte
om te reitsjen yn balâns…
wat oerbliuwt is de slingertreppen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum