Gjin blêd mear oan de tûken,
mar se binne noch net dea,
de hope is as deistich brea,
de takomst sil ús lûke.
As bern noch bûten boartsje,
dowen koere yn de stêd,
dan komme tûken wer yn blêd
en sil de tiid net koartsje.
Ferwaarje muorrestiennen,
komme gatten yn ’t semint,
dan krijt it brekbedriuw de hint
dat bern net boartsje kinne.
It stiel komt der omhinne,
kealens bliuwt allinnich oer,
de do sit weidûkt yn in koer,
sa sil de tiid ferrinne.
|