|   Hy wie noch yn de wintersliepdoe’t ûnder him de ierde skodde,
 ’t hie wat fan in meunster dat him griep
 en om him hinne reinde ’t modder.
 It lânskip, net om oan te sjen,wie rûnom hurd, alhiel ferstienne;
 ’t simmerperspektyf gie rap ferlern
 as kamen wolken foar de sinne.
 
 Hy koe noch krûpe, seach yn ’t rûnwer perspektyf foar oare tiden,
 lokkich wiene alle stikels sûn
 om by gefaar foar him te striden.
 Al is de hope noch sa grien,gjin skerpe stikel kin it winne
 fan rap rubber, wreder noch as stien,
 as kamen wolken foar de sinne.
 
 |