Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferfoarming

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy wie noch jong en sûnder ûnderfining,
stie ferlern yn ’t grize fan de moarn,
dêr’t tinten sprieken noch op sêfte toan
en ’t stille jonkje like sûnder bining.

Image

De âlde garde hold him yn de gaten,
út ‘e hichte seach dy op him del,
de heakske snaffels skerp, de eagen fel,
de loft wie fol fan ’t pedagogysk praten.

Image

‘Nei iten stjonkst nei fisk en dat moatst witte,
snaffelpoetse, ielen yn ien hap
ast nimst de hals derby en doch it rap,
men kin net oeren mei dyn foarming sitte.

Image

Bûch no it kopke djipper dat wy witte
datst de âlderein bewiist respekt,
wat better is as ’t grutste yntellekt,
dyn búk nimst mei, it plak dêr’t driften sitte.

Image

De wjukken, dat moatst witte, net ferjitte
om dat ark te poetsen foar de flecht,
te droegjen ek, dyn foarming echt en hecht…
wat no?’ ‘Ik kin net mei ’t ferfoarmjen sitte.’

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum