De skyntme bôget oer de see,
dy’t rûzet om noch klearder glâns,
berjochten dy’t inoar fersterkje,
op dy wize kriget harmony in kâns
en wurdt de ierde ta in fredich stee.
Mar sjoch it readwyt fan de mêsten
dy’t ferbrekke ’t bôgjend ljocht,
foar Kuba dat âldnij berjocht:
de Castro’s binne net de bêsten.
De kaktus hat syn eigen styl
mei yn de droechte dochs noch groei,
in klear berjocht mei skerpe stikels,
dêrby eksplodearret er ta reade bloei,
mei tûzen bern is hy perfoarst fertyl.
Mar sjoch it readwyt fan de mêsten
dy’t ferbrekke ’t bôgjend ljocht,
Venezuela, dyn berjocht:
Chavez is net ien fan de bêsten.
Wat nijs bringt ús de frede oan?
Net dat fan Mammon en de macht
dy’t readwyt oer de ierde galmje;
himel, see en lân slaan op ‘e skientme acht,
’t berjocht fan juster foar it hjoed… en moarn.
|