oktober 30, 2016
Djip fart it stiel troch it kanaal mei tal fan frachten tusken kop en kont, de skippen sprekke swiere taal.
Licht glydt it hout oer mar en poel mei inkeld ien dy’t oandriuwt op en del, de kano’s hawwe nocht as doel.
It wetter draacht wat fleane kin, al is it dan gjin strânljip, skries of swel, de guozzen hawwe ’t wiet as fan.
mei 27, 2025
februari 12, 2025