Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan fan willewike

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy lit him alle dagen sjen,
deselde jas, deselde tas,
syn loop is troch deselde strjitten,
by syn witten is gjin dei ferlern,
hy hat in hekel oan stilsitten.

Image

Ien wike is de regelmaat
derút, dan komt syn loop fan pas
de kant út fan de promenade,
foar it feestfolk nei de boat it paad,
mar by syn witten sljochtwei kade.

Hy komt allinnich om te sjen,
hat niget oan wa’t sûnder jas
en broek leit op it hout te sliepen;
fan sa’n willewike is er fan,
hy stiet dan stil, dêrfoar ek iepen.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum