De bannen hawwe noch profyl,
de toeter wurket as fanâlds
en ’t nûmerboerd sprekt blaubloed oan,
sjedêr in stel antyk fan styl.
Se lykje op it sebrapaad:
gesichten steane op swart-wyt,
se sitte op ‘e swarte troan
en fiele harren blank fan aard.
Gjin each falt op in blau profil
mei yn de midden rûn it read,
twa tsjillen sprekke har net oan,
se hâlde ’t by har eigen bril.
Sa tuffe sy ien kear yn ’t jier
by alle alve stêden lâns
as adel op ‘e hege troan
en oan de ein stiet kâld it bier. |