Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fallende skoarstiens

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se lizze yninoars ferlingde,
’t nije stiel, de skûtsjemêst en kraan,
mar wurden bringe op ‘e hichte,
hoewol… it is mei sizzen net te dwaan:
de skoarstiens geane nei de lichte.

Se stiene sûnder reek, al jierren
hie de kjeld it foar it sizzen hân,
gjin smoarge wurden waarden sprutsen;
om’t sterke muorren holden skodzjend stân,
waard fisy troch de tiid bedutsen.

De muorren hiene eartiids earen
foar petearen yn de herberchtaap,
dêr’t wurden brochten oan it laitsjen
oer fine grifformearde, roomske paap,
sa koene se de Snitsers reitsje.

Hoefolle Snitsers wurde rekke
troch de fal fan skoarstiens, ’t earste sein
fan delgong… of sil ’t no wat wurde?
In nij begjin is tagelyk de ein,
it is gjin tiid foar noch mear wurden.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum