Fiif oere moarns is hy derôf
wannear’t de nacht yn ’t neigean is
en kij wer op ‘e poaten komme;
fee en boer, sy binne trou,
fan plak en oere wis.
De dei is foar it oare part
fan syn natoer, ferbining mei
de wyn en sinne yn it romme
fjild of triedden read en swart,
syn enerzjike wei.
En middeis komt er der wer ôf
op grûn fan erflik syn natoer
dat net in oere him ûntkomme
sil, de trie wurdt dan in tou,
de technikus wer boer. |