Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Elk syn rol

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In bankje, doek en parasol
sa tusken reid en poel,
in skoander plak, dat wol,
mar ’t wie in wiete boel.

Ik stapte mei in paraplu
by ’t bankje lâns en tocht:
hjoed fiskje, nochal kru
foar ien mei sinnenocht.

Sa rûn ik fierder yn de rein
en miste net myn trim
fan elke dei in ein,
sok waar is dan net slim.

Ik kaam wer by it bankje lâns
en seach de parasol
en fisker yn balâns
mei my, dus elk syn rol.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum