Dreech is meastal it begjin
as dize noch ferburgen hâldt
wat yn de takomst kin.
Stadich riist it foar dy op
yn rôze wolken mannichfâld,
wat fiert dy nei de top.
Sulver blinkt tsjin donkerblau
en nimt dy yn syn streaming mei,
dêr fljochst, faaks noch te gau.
Efkes noch, dêr bist, dyn moarn,
brekst troch nei ’t midden fan de dei
mei al de strielekroan.
|