Ik dreamde fan in grut hielal
mei stjerrebylden net te tellen,
oeral banen, hoekich, rûn
en ek ovaal foar sinnen fan dy felle,
mar alhiel net oan har wetten bûn.
Raketten stiene fertikaal,
ien hat my yn syn hertslach sletten,
telde ôf en skeat omheech
om my op koepelhichte ôf te setten,
wylst ik rûn folslein luchtleech.
Ik rûn beret yn myn ferhaal
ta op it tunnelljocht om ’t winnen
fan de himel nei de dea,
mar ’t wie de snie by ’t opgean fan de sinne,
‘k stie op grûn fan eigen gea.
|