Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Donar en Jahweh

Lyrysk Deiboek


Wannear’t god Donar foar it ljocht komt
mei syn hammer Mjöllnir yn de oanslach,
wit dan dat gjin minske feilich is,
mei ’t fjurrich wapen slacht er wis.

Hy slacht de bliksem út ’e wolken,
fjoer dat folge wurdt troch tongerslaggen,
dy’t de minske op ’e knibbels twingt:
god Donar dy’t grimmitich klinkt.

As Israel Jahweh foar ’t ljocht ropt,
god dy’t inkeld foar dit folk bestimd is,
gjin Gazaan hat dan in feilich plak,
in tinte wurdt syn ûnderdak.

It folk fan god brekt troch de grinzen
fan de wearden fan it eigen leauwe,
fjurret mannich bliksem nei de grûn
en tongeret syn kwea yn ’t rûn.

Lit dêrom Donar mei syn hammer
komme no’t de wrâld Jahweh gewurde
lit, de bliksem fûl yn Sion slaan
om de Gazaan syn rjocht te jaan.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum