De trije hearen binne klear,
ha earst har djoere plicht wer dien:
sie foar in nije generaasje,
no docht de kop har net mear sear,
se hawwe wrotten foar de naasje.
Oranje boppe, sa’t it moat
foar lykwicht yn in nij bestean,
fan djippe skamte is gjin sprake,
fertsjinne is it swarte lean,
meikoarten binne sy sels pake.
En wat de takomst bringe sil,
sy dûke harren oandiel op
en bringe ’t frij-út op it droege,
de sturt is heger as it bil,
it sie wurdt troch it neiteam woegen. |