De dize waret noch rûnom
en hat de kimen wiske,
smoart de wetterlûden, stom
as yn de netten fisken.
In aak dûkt út ‘e flarden op,
hat neat mear te fertellen,
want it dakron leit al slop,
it skip komt oan de peallen.
Ynienen strykt de wyn oer ’t wiet
en skuort de fierte iepen,
sjongt de mar syn rûzjend liet,
komt op wat lei te sliepen.
Gjin peal hâldt dizze rige fêst,
se farre troch de netten
fan de dize sûnder rêst,
ferlizze sa de swetten. |