Allinnich yn de griene wrâld 
as lytse, tagelyk in swarte 
sûnder hope op syn eigen folk, 
allinnich mei in skieppeloarte, 
mar dy wie foar him te âld. 
Hy socht syn wei troch ’t lange gers, 
allinnich soed er ’t paad net fine 
nei it wetterhiem fan ’t eigen folk, 
hy koe net fleane, inkeld grine, 
tocht oan mem har earste les: 
  
‘Wit dat dyn read in teken is 
fan risiko’s dy’t piken rinne, 
dêrom harkje nei it eigen folk!’ 
Doe rûn de pyk der samar hinne, 
want hy wie fan ’t lûd wer wis. 
De fjouwer swellen op it stek 
dy’t al in wike puber wiene, 
gnysken om dat frjemde swarte folk: 
‘Lit him ús wjukken mar ris liene, 
want dan crasht er as in gek!’ 
 
  |