september 27, 2016
De iere maitiidsmoarn mei skiere loft en rein rûn stadich mei my mei, wylst westewyn ferdreau de peaskebrânlucht nei it easten fier werom, de twadde sneinske trein kaam út it noarden wei en trimmers draafden stom de skonken nei de ein fan wat yn ’t suden lei, doe seach ik tsjin in beam, tsjin alle dynamyk fan dizze bliere dei, in stoel berêstend stean yn waar en wyn allyk it krús gjin takomst mear, sa flokte dizze sit mei opstean út ‘e dea en suver tagelyk, de maitiidsmoarn en ik, it kaam ús op it sear, ’t gefoel fan hoe’t it foel, de rein syn lêste snit en pine yn de lea, dêr tsjin de beam de stoel om dochs by stil te stean. |
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024