Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De gongswel

Lyrysk Deiboek

De dop briek yn it tsjuster
yn it djipste fan de gong,
dêr’t gjin mannehân yn past,
sa feilich lei it jong,
krekt berne yn beton.

De hân wie net fan juster,
lei de muorre earder oan,
boude keamers foar de gast,
sa waard dy djip bedoarn,
beskerme troch beton.

De wjukken krigen fearren,
woene út ’e smelle gong,
breedút heger boppe ’t griis,
de hiele skepping song:
‘Gjin beam is fan beton.’

De beammen koe men hearre
troch it twirjen fan de wyn,
dêr’t de gongswel fleach mei gong
en frije flecht op yn,
ûntflechtsjend it beton.

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum