De Grienedyk, al ieuwenlang
de hichte tsjin it stoarmgefaar,
wannear’t Legeasters harken bang
nei ’t rôljen fan de hege baar.
Nea djipper wie it wetter dêr
as hjoed de dei de Houkemar,
it nut wie net foar allegear,
de rike hie de earste kar.
De Houkepoarte frege sân,
de djipte joech de hichte stal:
in wen- en rekreaasjelân,
ornearre foar it lytse tal.
De Houkesleat joech ek syn lûd
foar djipgong fan it frachtferfier,
want lang en breed fertsjinje goed,
de hichte tsjinnet foar de sier.
De bagger kaam nei boppen ta
en sakke yn de djipte wei,
sa woe god Zeus de mar graach ha,
de Griene seach der gnyskjend nei.
|