september 23, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
Troch woartels fêstlein yn de grûn stiet jierren al de beam by ’t spoar as wachter op ‘e trein fan moarns betiid oant yn de lette jûn, allinnich yn beweging brocht as ’t waait en blêden mei elkoar besykje út te rûzjen sljocht en rjocht noch boppe ’t izerkoar fan ratteltsjillen op ‘e rails en ’t rinkeljen by ’t reade ljocht, dat mannich kearen op in dei syn kleur by ’t read fan bomen docht yn konkurrinsje mei de beam, dy’t yn de hjerst syn blêden fraai ferkleurje lit, al jierren dreamt fan stoarmige beweging mei it read fan blêden tagelyk, yn konkurrinsje mei de boom, ’t dilemma fan de beam gelyk oan hjerstige natuer foaroer de keale boom as autonoom. |
februari 12, 2025
januari 15, 2025