Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Cool swimme

Lyrysk Deiboek

It wetter koe gjin sprekken lije,
’t wie te kâld noch foar it fel,
dus kaam der noch in hûd oerhinne
foar de sprong, sa gie hy derby del…
moast hy himsels oerwinne?

De rûte fan de alve stêden
like mei dit pak it doel,
it moast foar it gefoel wol kinne,
helle hy it, dan wie ’t mear as cool,
sa’n lange tocht allinne.

It wie as swom er nei de finish
tusken bollen, noch ien haal,
dan soed er út it wetter klimme
as de brânwachtman mei syn ferhaal:
‘Ik koe hjoed rêdend swimme!’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum