Willem Tjerkstra’s thússide
admin

By de grins

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Al tiden wie de sleat de grins,
gjin inkel misferstân dêroer,
it paste net om dêr oerhinne,
dus draaiden se elkoar gjin loer,
it gie net om gebiet te winnen.

Image

Dat duorre oant dy oare kaam
mei beide poaten by de sleat,
it paste net, koe amper neier,
sa kaam it op ‘e kop ferkeard…
‘Ik bin op eigen grûn,’ sa sei er.

Se stampten neier, fiif man sterk
en sloegen op dy oare acht,
wat hiene sy noch te ferliezen?
Se holden dei en nacht de wacht
om as it koe de slach te kiezen.

Image

It draaide út op in bestân,
mar altyd steane der noch fiif
dy’t mei ien slach de grins oer kinne;
mei ’t fearrepânser om it liif
is ’t maklik fan dy skelm te winnen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum