It is de brân dy’t ivich duorret,
net te mjitten yn it minskebrein,
it fjoer dat flammen smyt yn it hielal,
it each kin heine striel noch stal,
giet ticht, dat is de ein.
It is de moarntiid dy’t koart duorret,
yn it swart fan beammen lôget fjoer,
wylst reek as kleed oer grûn en wetter leit,
wat neat noch oer de jûntiid seit,
de dei is noch net oer.
It is de strielekrâns dy’t ljochtet
op ‘e grins, by libben noch of dea,
wylst achterbliuwers stoarje nei it swart,
betinke dat de dei wie koart,
’t hielal wurdt moarn noch neat.
|