Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bouwend kreakersfolk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ferneamd yn de Legeaën
wie yn âlde tiid de Gaustersyl,
it skutten yn de slûs
fan skippen sûnder skroef en kyl…
en op ‘e hichte stie in hûs.

De tiid kin men net keare,
briek de slûs ôf, lei op ’t plak in dyk,
mar ’t hûs bleau like heech
en waard deselde namme ryk,
stie lykwols troch de wike leech.

Mar sjoch, de tiid soe leare
hoe ferneamd it âlde hûs wer waard
troch ’t gûnzjend kreakersfolk,
it boude warber nei syn aard
in eigen slûs mei djippe kolk.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum