De see bewarret it geheim,
lit oan gjin inkeld minske witte
wêr’t syn oarsprong yn de oertiid lei,
de yndiaan oerlibbe weach en haai
en koe him mei de hichte mjitte.
Hy socht it heger as it peil
fan weagen dy’t mei kusten spotte,
batse spattend by koralen op,
hy fûn syn wenstee tusken foet en top
en libbe yn Bonaires grotten.
De grot bewarret syn geheim
fan hoe’t er ’t fiskersboatsje makke
dêr’t er mei de wylde see op foer;
de weagen bringe gjin berjochten oer
fan hoe’t er op ‘e haai ynhakke.
Hy kaam werom en kraste yn
de grot wat hy al dwaande skôge
op ‘e libbenssee mei frou en bern;
sa gie Bonaires oertiid net ferlern,
al hat de see ’t geheim meitôge.
|