Ut ‘e hichte fan de útsichttoer
beseach ik ’t drok beweech
fan ’t masinale meanen:
ûngetiid fan koarte doer,
yn elke tel in feech,
it like my op fleanen.
Fierder rûn ik op it plattelân
en seach ’t beweech ris oan
fan’t jonkje dat dêr wenne:
hy hie in harke yn de hân,
as echte boeresoan
liet hy him oan my kenne:
‘Foar ús heit doch ik it hiele hiem,
ik moat betiid derôf,
want oars kin ik it skudde.’
Mei de tomme oan de riem,
sa frege hy him ôf
om no noch boer te wurden?
|