De skiednis sjocht ús oan:
de poarte fan al ieuwen âld
dy’t stie foar stêd en stedsfolk,
foar it skip de stiennen kroan,
dat rint op toeren nei de hûndert.
It izeren ûnthâld
lit los de fracht de jierren troch:
in tinte foar de heilstaak
fan it leger, mannichfâld
it halleluja, ’t klonk foar wûnder.
It willefolk is noch
it doel fan ’t farren troch de dei
om fan it wiet te priuwen,
boppe hat men útsjoch, doch
it halleluja stekt derûnder.
It rûne sjocht ús oan,
sprekt mear as ’t kante fan de toer
dy’t stielhurd stiet te showen:
sjoch nei ’t keunsttoaniel fan moarn,
dêr kin it stedsfolk fêst net sûnder.
|