It wie it buertsje tichtby ’t park
mei ’t romme útsicht oer de greiden,
foar de doar de griene bleek,
dêr’t libbe ’t folk mei deis it ark
en sneins de kuier nei de preek.
Hy libbe meastal sûnder frou
en hearde by de âlde garde,
fan berop de skildersbaas,
mei streek en kleur sekuer en trou
oan ’t sljochte folk fan Sjouk oant Klaas.
Dy moarn hie hy de wask al dien
en smiet it wetter út ‘e tobbe,
dat er skept hie út ‘e bak;
hy blikte skûlken op it grien,
beseach tradysje ek as fak.
|