Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bleate top

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se wiene al yn plastic wuolle,
tuorren fan de kapitale macht
fanwege ’t wankele belied,
de top hold amper noch de wacht
en joech him del op gouden stuollen.

En doe’t de froast de ierde kuolle,
earmen hiene amper in bestean,
doe kaam de top mei in belied
fan bonus leech, dan heger lean,
in gouden stoel wie neat tefolle.

Depresjes jagen oer de hollen,
wynkrêft tsien briek los by dei en nacht,
de top waard wankel en trochwiet,
in flarde wie it lêste fan de dracht,
de bleate top hie ’t oars ha wollen.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum