Sa liede se de Snitswike
yn banen tusken peallen
mei wite koppen, like
oanwizend as de boeien
de baan fan Gossepeallen
oer balstjurrige weagen
nei Puollen mei twirren,
dy’t nea sa sterk útgroeie
dat Potten-plattegrûnen
fuortreage wurde, wizers…
…foar nijsgjirrige eagen
nei plakken dêr’t it sûne
belibjen fan de oeren
muzyk net op stiet, stjerren-
de wier: safolle jierren
kapel op folle toeren
is tusken wite peallen
yn banen brocht nei ’t sintrum
om op ‘e willeweagen
balstjurrich de show te stellen. |